Twa jier wachtsje op rolstoel

20 mrt 2007 - 17:37

In ynfalide frou út Ljouwert hat spul mei de gemeente om in rolstoel. De frou wachtet al twa jier op in nijenien, omdat de gemeente him net fergoedzje wol. Se foldocht wol oan de betingsten, mar krijt fan de gemeente allinnich tastimming foar in skûmrubberen oanpassing. Mar dy is ôfkard troch de revalidaasje.

In beswierskrift hat neat úthelle. De gemeente seit dat der oan in oplossing wurke wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)