Pesterijen Afgaans gesin

20 mrt 2007 - 15:56

De Afgaanske famylje Suri yn de Westerein hat it ôfrûne wykein doelwyt west fan fandalen. De spegel fan de auto waard derôf trape en der waarden aaien tsjin de ruten smiten.

De famylje hat gjin idee wêrom't soks bard is, maar hâldt der rekken mei dat it komt omdat se fan Afgaanske komôf binne. It gesin wennet al njoggen jier yn de Westerein. Der bart wol faker wat, mar net trije kear yn ien wykein. De famylje hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)