Hearrenfean keapet SCI-pân

20 mrt 2007 - 14:55
It SCI gebou is ferkocht

De gemeente Hearrenfean hat it gebou fan SCI op it ynternasjonale bedriuweterrein op it Hearrenfean kocht. Neffens de gemeente jout it leechsteande gebou it bedriuweterrein in negative útstrieling. SCI ferliet it gebou yn 2000.

Hearrenfean wol it gebou net sels hâlde, mar trochferkeapje. Der soene ek al belangstellenden wêze. Dy koenen it net iens wurde mei SCI. De gemeente wol net sizze wat it gebou koste hat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)