Grûn te wiet foar beamfeest

20 mrt 2007 - 14:47

Boalsert en Achtkarspelen dogge net mei oan nasjonale beamfeestdei woansdei, om't de grûn te wiet is. Yn Boalsert wurdt de dei trije wiken útsteld, yn Achtkarspelen fjirtjin dagen.

Yn ferskate oare gemeenten giet de dei woansdei wòl troch. Gaasterlân-Sleat is in saneamde aksint-gemeente. Dêr plantet deputearre Andriesen in jubileumbeam, omdat it de fyftichste beamfeestdei is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)