"Slauerhoff moat ferhûzje"

Dichter en skriuwer Jan Jacob Slauerhoff
It byld fan de Ljouwerter skriuwer en dichter Slauerhoff moat ferpleatst wurde nei de binnenstêd. Dat wol de fraksje fan PAL/GrienLinks. It stiet no yn de wyk Westeinde by de Piter Jelles Montessori skoalle.
It byld is dêr yn 1992 delset, omdat de skoalle doe ek noch de namme fan Slauerhoff hie. Pal/Grien Links wol it byld ferhûzje nei it berteplak fan Slauerhoff, oan de Voorstreek. B en w moatte dêr in beslút oer nimme.