Friezen toere mei Marillion

20 mrt 2007 - 14:22

De Fryske rockband Monstertux spilet ynkoarten yn it foarprogramma fan Marillion. Dizze Ingelske band hie yn de jierren 80 in grutte hit mei it nûmer 'Kayleigh'.

Marillion toert dizze maaitiid troch hiel Europa en Monstertux iepent de show twa kear: yn Vredenburg yn Utrecht en yn Lille, yn Frankryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)