Buske yn sleat op A31

19 mrt 2007 - 16:34
It buske bleau heal op de sleatswâl hingjen

Op autodyk A31 tusken Ljouwert en Harns is moandei oan it begjin fan 'e middei in bestelbuske yn 'e sleat rekke. Dat wie by de ôfslach Marsum. Troch noch ûnbekende oarsaak skeat de bus fan 'e dyk.

De auto bleau op 'e sydkant heal oer de sleat hinne hingjen en kaam net yn it wetter telâne. De bestjoerder koe sûnder ferwûnings út 'e bus komme en kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)