Nije bussen Connexxion

19 mrt 2007 - 16:23
Foto: Omrop Fryslân

Connexxion rydt fan 15 april ôf mei nije bussen, de Fryskers. Dêr ride 113 ekspimplaren om, inkeld yn Fryslân. De nije bussen binne lytser en handiger op plattelânsdykjes. Se hawwe allegearre in skjinne diselmotor.

Op de drokkere buslinen bliuwe de grutte bussen. Dy ride ynkoarten allegearre op biodisel. Dêrmei rint Fryslân lanlik foarop. As de motoaren oanpast wurde kinne, sille de Fryskers ek op biodisel ride.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)