Brúnfisk dochs noch ferstoarn

19 mrt 2007 - 11:58

De brúnfisk dy't begjin febrewaris op it strân fan Skiermûntseach fûn waard, is it ôfrûne wykein deagien. It Dolfinarium yn Harderwyk hie it bist opnommen en it like aardich goed te gean. De brúnfisk swom wer, wie in pear kilo oankaam en hie ek gjin medisinen mear nedich.

Mar it bist ferstoar sneon ûnferwachts. Dyselde deis waard op 'e nij in brúnfisk fûn op Skiermûntseach. Dat bist is weromset yn see.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)