Fout hout yn Blitsaard

© Omrop Fryslân
Yn 'e nije wyk Blitsaard yn Ljouwert wurdt noch hieltyd hout brûkt sûnder FSC-karmerk. Sok hout is yllegaal kapt yn 'e Tredde Wrâld. De Rekkenkeamer docht ûndersyk nei it FSC-belied fan 'e gemeente Ljouwert.
De SP en Pal/GrienLinks binne lilk oer it nijs oer it 'foute hout' yn de fillawyk in 'e Bullepolder. De Ljouwerter gemeenteried hie krekt ôfpraat dat it brûken fan FSC-hout stimulearre wurde moat.