Fryske bierdief yn Grins pakt

19 mrt 2007 - 11:23
Foto: Omrop Fryslân

In 45-jierrige man út Easterwâlde is sneintemiddei oanhâlden yn Grins om't er by in hoarekasaak yn 'e stêd bierfusten stellen hie. De man wie tegearre mei in 23-jierrige oare man sûnder fêst wen- of ferbliuwsplak op 'n paad. Tsjûgen hiene de twa betrape by de stellerij.

De plysje hat de beide manlju fêstset. Fierders is it ynbrekkersark yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)