Ofslútdyk hielendal frijjûn

19 mrt 2007 - 10:46
De omkypte frachtauto op 'e Ofslútdyk

De Ofslútdyk rjochting Fryslân is wer hielendal iepen foar ferkear. De dyk rjochting Fryslân wie ôfsluten mei in ûngelok, earder moandeitemoarn. By it monumint wie in frachtauto mei molke en tsiis omslein. By it ûngelok wiene noch twa oare auto's belutsen, mar gjinien rekke ferwûne.

It ferkear fan Noard-Hollân nei Fryslân hat in skoft omride moatten oer de dyk Enkhuzen - Lelystêd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)