Grutter gebou Goederenbank

19 mrt 2007 - 10:33

Undernimmers dy't oanklaud sitte mei âlde foarrieden moatte ris oan de Goederenbank tinke. Dat sei wethâlder Marco Florijn fan Ljouwert by de iepening fan it nije ûnderkommen fan de helpynstelling oan de Rembrandtstrjitte.

Minsken mei in leech ynkommen kinne fergees guod ophelje fan de Goederenbank, Yn Ljouwert stean no 190 minsken ynskreaun. Njonken Ljouwert is der ek noch in Goederenbank yn Oss.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)