Ofslútdyk ticht nei ûngelok

19 mrt 2007 - 08:53

Ferkear nei Fryslân ta kin moandeitemoarn net oer de Ofslútdyk. De dyk is ticht omdat der in frachtauto kantele is en dêr binne twa auto's boppe-op botst.

Ferkear moat omride oer de dyk Enkhuzen - Lelystêd en rekken hâlde mei in fikse fertraging. De ravaazje op de dyk is grut omdat de lading fan de frachtauto - tsiis en molke - op de dyk bedarre is. By it ûngelok is gjinien ferwûne rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)