Gjin Nederlânske titel Flyers

© Omrop Fryslân
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers binne gjin Nederlânsk Kampioen wurden. It tredde duel mei de Trappers waard yn Tilburch mei 5-3 ferlern. Dêrtroch pakte de Trappers de beslissende 3-0 winst.
Nei twa perioaden hiene de Flyers noch in 3-2 foarsprong. Yn 'e tredde perioade makken de Tilburgers it ôf troch noch trije kear in doelpunt te meitsjen.