Stoarm: Dykbewaking

Wetterskip Fryslân hat foar sneintejûn beheinde dykbewaking ynsteld nei in offisjele melding fan de stoarmwarskôgingstsjinst. Om healwei tsienen waard by Harns it heechste peil ferwachte. Nei alle gedachten is dat twa meter heger as gewoan.
De dykposten wiene sneintejûn bemand. Yn gefal fan need kin der dan gau maatregels nommen wurde. De lêste kear dat der dykbewaking wie, wie mei de stoarm fan 18 jannewaris 2007.