Snits wint fan Rohda Raalte
Sneinshaadklasser Snits hat nei in fantastyske earste helte mei 4-2 wûn fan Rohda Raalte. Binnen 40 minuten wie de einskoare al wis. Snits kaam troch twa goals fan Edgard Antonides en in eigen goal op 3-0. Rohda Raalte kaam werom oant 3-2, mar Klaas Schotanus soarge foar de 4-2. Snits is no njoggende mei 23 punten.
It degradaasjeduel tusken De Jouwer en MSC-Antaris gie net troch.