Fjochterij op De Jouwer

18 mrt 2007 - 16:08

Yn de Midstrjitte op De Jouwer hat snein betiid in fjochtpartij west. Wat de oanlieding wie, is net dúdlik. De plysje hat de ferskate partijen mei help fan portiers fan in hoarekagelegenheid út elkoar helle.

It bleau lykwols ûnrêstich. Letter op de moarn binne twa manlju fan 24 en 19 jier oanhâlden, beide fan De Jouwer. Twa oare manlju hawwe oanjefte dien fan mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)