IIsspeedwayer Tuinstra ferwûne

Johnny Tuinstra swier ferwûne
IIsspeedwayer Johnny Tuinstra fan Tsjummearum is yn Berlyn swier ferwûne rekke. Tuinstra leit op dit suit op 'e intensive care. Hy hat twa gatsjes yn 'e long en de tsiende rêchwervel brutsen. Neffens syn frou Liesbeth meitsje de doktoaren har benammen soargen oer in gat yn 'e luchtkeamer.
Tuinstra moat yn alle gefallen noch in wike op 'e intensive care lizze en wurdt konstant yn 'e gaten hâlden. Hy botste tsjin in Russyske coureur.