Oerfal op belwinkel

18 mrt 2007 - 11:01
Foto: Omrop Fryslân

In belwinkel yn de Oosterstraat yn Ljouwert is sneon om 8 oere oerfallen troch twa wapene manlju. Se hawwe de eigner bedrige en fêstbûn. Se hawwe jild meinommen en in oantal mobile telefoans. Der is nimmen ferwûne rekke.

De manlju binne rinnend de winkel útgongen. De plysje is justerjûn fuortendalik úteinsetten mei in ûndersyk. Derby is ûnderoaren de eigner fan de winkel heard.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)