Deadlik ûngelok by Eanjum

18 mrt 2007 - 10:51

Op de Saatsenwei by Eanjum is yn de nacht fan sneon op snein in man (35) út Ingwierrum om it libben kommen by in ûngelok. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak mei syn bestelbuske fan de dyk. It bedarre yn de sleat.

Omstanners fûnen de auto en besochten de holle fan de man boppe wetter te hâlden. Dêrnei is de man út de auto helle. Helpferlieners hawwe noch oan it reanimearjen west, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)