Flyers ferliest ek twadde duel

17 mrt 2007 - 23:27

De iishockeyers fan de Flyers hawwe sneontejûn de twadde wedstryd yn de finale fan de play-offs ferlern fan Tilburch. Yn in lykopgeande wedstryd einige it nei trije perioaden yn 2-2. Yn 'e ferlinging waard net skoard. Nei fjouwer penaltyshots makke Tilburch de fyfde. Dat wie de beslissende.

Tilburch stiet no 2-0 foar. As de Trappers snein winne, binne se Nederlânsk Kampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)