Parkoersrekords Bonifatiusloop

Mariska Kramer wie de rapste by de Bonifatiusloop
By de Bonifatiusloop yn Dokkum binne sneon twa parkoersrekords brutsen. Fan de 500 atleten kaam Wellay Amare út Etiopië as earste oer de streek yn in nij rekord fan 1:05:55. Twad waard Gerrit Kramer fan Boalsert (1:10:18) en tred waard Reinder de Jonge út Assen (1:13:56).
By de froulju wie Mariska Kramer fan Drachten de rapste. Har tiid fan 1:19:10 wie dus ek in nij parkoersrekord.