Frou fêst yn autowaskstrjitte

17 mrt 2007 - 14:56

In frou hat sneontemiddei in skoft fêstsitten yn in auto-wask-strjitte oan de Touwslagersstraat yn Snits. Se wie út de auto stapt en kaam troch ûnbekende oarsaak fêst te sitten tusken in oandrukrol fan de ynstallaasje.

De brânwacht hat de frou derút krigen. De plysje en de ambulânse wiene foar de wissichheid oproppen, mar hoegden net yn aksje te kommen. De frou rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)