Achtkarspelen yn 'Vul je Vak'

17 mrt 2007 - 13:16

650 Ynwenners fan Achtkarspelen binne sneontejûn by de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin NAC Breda. Sy dogge mei oan de aksje 'Vul je Vak'. Dat hâldt yn dat in gemeente mei in groep ynwenners fergees nei it stadion kin.

SC Hearrenfean wol sa de bân mei de ynwenners fan de Noardlike provinsjes fersterkje. De ynwenners wurde mei bussen ophelle. Achtkarspelen is de achtste gemeente dy't meidocht oan de aksje fan 'Vul je Vak'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)