Mei wetter rinne foar Afrika

17 mrt 2007 - 13:02
Foto: Omrop Fryslân

Bern fan sân basisskoallen dogge takom wike mei oan de sponsorloop Wandelen voor Water. Bern út Anjum, Brantgum, Dokkum, Haulerwyk, Hearrenfean, Mitselwier en Easternijtsjerk rinne seis kilometer mei seis liter wetter op de rêch. De opbringst giet nei in wetterprojekt yn Gambia, yn Afrika.

It jild wurdt brûkt foar wetterputten en húskes. Steatssekretaris Tineke Huizinga jout 22 maart it startsein fan de lanlike aksje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)