Arnhim sprekt drankrider frij

© Omrop Fryslân
It gerjochtshôf yn Arnhim hat freed in Fries frijsprutsen foar riden ûnder ynfloed, om't de ademanalyse útfierd waard troch in plysjeman dy't dêrfoar net oanwiisd wie troch de korpssjef. Koartlyn feroardielde it gerjochtshôf yn Ljouwert wòl yn deselde soart saken.
Advokatekantoar Anker & Anker, dy't klanten hiene dy't yn Ljouwert dus wol feroardield waarden, is fernuvere. De Hege Ried moat sa gau mooglik in heldere útspraak dwaan, fine se.