Oername troch Van der Werff

Transportbedriuw Van der Werff Logistics op it Hearrenfean nimt de 4 kraanauto's oer fan Veenstra Transport yn Heech. Ek it personiel kin mei oer.
Veenstra yn Heech wol him yn de takomst mear rjochtsje op transport binnen Europa. Van der Werff is hielendal spesjalisearre yn útsûnderlik ferfier en de ûnderdielen fan Veenstra passe dêr goed by. Van der Werff hat 105 meiwurkers. Veenstra telt hast 200 personielsleden.