Plysje wol gegevens Wâldnet

16 mrt 2007 - 17:34

Ynternetside Wâldnet moat de plysje ynformaasje jaan oer in persoan. Op in foarum op de side hie in 'Henky út Jistrum' de plysje misledige. De plysje wol no witte wa't dat is.

Oanlieding wie in arrestaasje fan in man út Burgum. Henky skreau dat er dêr graach by wêze wollen hie om "een van die stumpers hun smoel te verbouwen". Wâldnet hat in juridysk advysburo ynskeakele om te sjen wat se dwaan moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)