Rekkenwedstriid op skoalle

16 mrt 2007 - 16:37

Trije Fryske skoallen diene freed mei oan in Europeeske rekken- en wiskundewedstriid. It giet om de Kangoeroetest, neamd nei it lân Australië dêr't er yn 1980 foar it earst hâlden is. Guon Pabo-learlingen diene de test ek.

Oer de hiele wrâld dogge 3 miljoen bern yn 33 lannen mei oan de wedstriid. De útslach is tiisdei op ynternet te sjen. De test is bedoeld om it rekkenjen te stimulearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)