Gjin brânstichting yn snackbar

16 mrt 2007 - 14:23

De brân by cafetaria De_Overweg yn Ljouwert is net oanstutsen. Dat hat de plysje bekendmakke. De brân hat in technyske oarsaak. Nei alle gedachten hawwe elektrisiteitstriedden klem sitten.

De brân begûn tongersdeitenacht om healwei trijen. De brânwacht koe net te foaren komme dat der flinke skea ûntstie. De plysje hâlde rekken mei brânstifting omdat begjin febrewaris ek brân wie yn 'e snackbar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)