HBO-oplieding skipsbou

16 mrt 2007 - 12:52

HBO-studinten Skipsboukunde kinne mei yngong fan it nije skoaljier ek yn Ljouwert terjochte. De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert is in gearwurking oangien mei de hegeskoalle InHolland yn Delft.

Yn de skipsbou is grut ferlet fan HBO'ers. Om oan de ferwachtings fan it bedriuwslibben te foldwaan hat de skoalle yn Delft besletten om de oplieding ek yn Fryslân oan te bieden. Hjir giet it benammen om de jachtbou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)