Streekplan stridich mei Ryk

De minister fan Romtlike Oardening driget fjouwer saken út it Fryske Streekplan te skrassen. It giet om gjin romte foar de opslach fan radioaktyf ôffal en gaswinning ûnder it Waad en in grutte wiete as troch Fryslân. Fierders moat de haven fan Harns útwreidzje kinne.
Dat alles hawwe Provinsjale Steaten yn it streekplan set. Mar neffens de minister falle dy saken net ûnder de provinsje, mar ûnder it Ryk.