MCL registrearret MRSA-dragers

16 mrt 2007 - 11:38

It MCL yn Ljouwert ropt personiel op goed te kontrolearjen oft pasjinten yn it ferline drager wiene fan in sikehûsbaktearje, lykas MRSA. It Ljouwerter sikehûs hie ferline jier lêst fan baktearjes.

Om foar te kommen dat der wer útbraken komme, is der in registraasjesysteem betocht. Dêryn stean no in tsiental dragers. Komme dy minsken wer yn it sikehûs, dan wit it personiel dat der extra hygiëne nedich is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)