Undersyk deadlik ûngelok

16 mrt 2007 - 10:07
Foto: Omrop Fryslân

It is de plysje noch net dúdlik wat de oarsaak is fan de oanriding by Nijlân dêr't tongersdeitejûn in frou út De_Hommerts by om it libben kaam. By it ûngelok wie ek in automobilist út Snits belutsen. Hy is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje is ûnderwilens mei in ûndersyk dwaande. Boppedat wurde minsken socht dy't wat fan it ûngelok sjoen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)