Heabroei by minikamping

De kulebult rekke hielendal yn de brân (foto: Jaring Rispens)
By in minikamping yn Allingawier hat tongersdeitejûn heabroei west. Earst hat de eigner sels noch besocht it fjoer út te krijen, mar dat slagge net.
Dêrop is de brânwacht fan Makkum ynskeakele. Mar dy hie it dreech om yn de direkte omkriten bluswetter te finen. Dit hie ta gefolch dat de kulebult hielendal yn de brân rekke en dat it fjoer oersloech nei in partij autobannen.