Betizing oer grûndelgong

© Omrop Fryslân
De grûn by Frjentsjer sakket minder troch de gaswinning as earst tocht waard. Dat seit de tsjinst Staatstoezicht op de Mijnen. De sifers fan de organisaasje ferskille mei dy fan it gaswinbedriuw Vermillion.
Neffens Vermillion is de grûn al 13 sintimeter sakke en dat is folle mear as berekkene wie. It bedriuw sil in ûndersyk dwaan nei de oarsaak. Fierders is tasein mooglike skea te fergoedzjen.