Hearrenfean topsportsintrum

15 mrt 2007 - 20:18
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Hearrenfean moat in sintrum foar topsport en ûnderwiis binnenhelje. Dat wol de PvdA yn de gemeente. De partij wol dat der ynspile wurdt op it plan fan sportkoepel NOC*NSF om twa fan sokke sport- en ûnderwiisysntellingen op te rjochtsjen.

As Hearrenfean ien fan de twa sintra krijt, kin de gemeente him dêrmei noch wer mear profileare as sportstêd, fynt de PvdA.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)