Steuring Omrop televyzje

15 mrt 2007 - 19:07
Foto: Omrop Fryslân

In technyske steuring, tongersdeitejûn, bij Omrop Fryslân TV, hat laat ta in grut tal telefoantsjes. Fan de start fan de útstjoering ôf, om seis oere, wienen byld en lûd skokkerich.

De steuring hat goed trije kertier duorre. Wat de oarsaak wie is noch net rjocht dúdlik. Sa'n sechtich minsken ha de Omrop belle.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)