Dirk Hylkema ynformateur

Wethâlder Dirk_Hylkema fan Skarsterlân is troch it CDA frege te sjen nei de mooglikheden foar in nij kolleezje fan Deputearre_Steaten. CDA-foaroanman Galema hat as boer in soad te krijen hân mei Hylkema, doe't dy noch by boereorganisaasje NLTO wurke.
Mocht Hylkema kânsen sjen foar in kolleezje, dan wurdt in formateur beneamd. It CDA wol in kolleezje mei twa partijen. De PvdA fielt mear foar trije partijen.