Wurkleazens fierder sakke

15 mrt 2007 - 10:49
Foto: Omrop Fryslân

In lyts 25.000 minsken yn Fryslân sitte noch sûnder baan. Dat docht bliken út sifers fan it Centrum voor Werk en Inkomen, it CWI. Dêrmei is it tal minsken dat gjin wurk hat it ôfrûne jier mei 20 prosint ôfnaam.

Ek yn Grinslân en Drinte wurde de wurkleasheidssifers leger. Boppedat is de wurkleazens ûnder jongerein de lêste jierren flink ôfnaam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)