Wetternammen no yn it Frysk

15 mrt 2007 - 10:43

Fryslân brûkt tenei de âlde Fryske nammen foar de wetters yn de provinsje. Dat wurdt dien om de histoarje werom te bringen. Ek ûntstiet der sa dúdlikens oer it skriuwen fan de nammen.

De Fryske nammen wurde de kommende tiid trochfierd op wetterkaarten. Ek wurde buorden op 'e wâlskanten oanpast. Op it Bilt en yn de Stellingwerven wurde ek nammen yn de streektaal dêr brûkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)