Waarmtepomp yn skoalle Wommels

14 mrt 2007 - 21:55

De nije Brede Skoalle yn Wommels sil ferwaarme wurde mei ierdwaarmte. Der wurdt in waarmtepomp ynstalleard. Dy pompt waarm wetter út de grûn op, dat brûkt wurdt foar de sintrale ferwaarming. Dêrtroch kin der de helte enerzjy besparre wurde. De bouplannen foar de Brede Skoalle binne oanpast, mar dat smyt gjin fertraging op.

De gemeente Littenseradiel betellet 75.000 euro en in feriening jout ek subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)