Tsjerkeklok kin wer liede

14 mrt 2007 - 17:01

Oer 6 wiken kin de tsjerkeklok fan Froubuorren wer let wurde. Woansdei is de klok út de toer helle en nei in klokkejitterij yn Dútslân brocht. Op de plakken dêr't de bingel tsjin de klok slacht is it metaal sawat troch. Om't it gefaar bestie dat de klok skuorre soe, mocht dy de lêste jierren net mear let wurde.

De kosten fan sa'n 100.000 euro wurde betelle troch de tsjerke, it doarp en ferskate fûnsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)