SP wol mei Caparis prate

14 mrt 2007 - 15:57

De SP wol om 'e tafel mei de direksje fan Caparis yn Ljouwert. Caparis driget de partij foar de rjochter te slepen, om't in SP-meiwurker sein hat dat der ferkrêftings west ha op de wurkflier fan Caparis. Dêr is neffens Caparis neat fan wier. Der binne ek gjin oanjeftes dien.

De SP seit no dat se Caparis gjin skea tabringe wolle, de partij wol de problemen no graach beprate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)