Robot moat túch bestride

14 mrt 2007 - 15:28

De provinsje lûkt mooglik jild út foar in robot dy't túch bestride moat. It giet om in apparaat dat ûntwikkele wurdt troch de lânbou-universiteit Wageningen. It is spesjaal bedoeld foar it bestriden fan poddeblêd (ridderzuring) en bûtergieltsjes (speenkruid). Dy soarten túch soargje foaral foar problemen yn it gerslân yn Noardwest-Fryslân.

De provinsje betellet 35.000 euro mei oan de ûntwikkeling fan de robot.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)