Lintsje foar steateleden

14 mrt 2007 - 15:24

Acht skiedend-steateleden ha woansdei in keninklike ûnderskieding krigen. Sân steateleden waarden Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau om't se 12 jier lang yn Provinsjale Steaten sitten ha. It giet om trije CDA'ers, ien fan de VVD, ien FNP'er, ien fan de ChristenUnie en ien fan de PvdA.

PvdA'er Wietze de Haan waard Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau foar syn steatewurk en syn wurk as riedslid en wethâlder yn Lemsterlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)