Start bou ambulânsepost

14 mrt 2007 - 15:19

Oan 'e Oostergowei yn Ljouwert is woansdei de earste peal slein foar in nije ambulânsepost, tichtby sikehûs MCL. Fan juny ôf kinne der fjouwer ambulânses 24 oeren deis útrukke. De âlde post oan de Swettestrjitte komt te ferfallen. Dat gebou foldie al langere tiid net mear.

Op de nije lokaasje, tichtby de grutte útfalswegen, kinne de ambulânses earder en better útrukke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)