Boustop Quadrivium de Gordyk

14 mrt 2007 - 15:11

De bou fan it winkel- en wenkompleks Quadrivium op De Gordyk is stillein. De gemeente fynt de bouput net feilich genôch, der is gefaar foar ynstoarting fan de put. It boubedriuw hat it wurk sels stillein nei't de gemeente it gefaar konstateard hie.

It boubedriuw moat no fan de gemeente mei in bouput-plan komme. It is net dúdlik hoefolle fertraging ûntstiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)