Probleembern nei Woodbrookers

Direkteur en oandielhâlder Jan Boomsma foar Woodbrookers
Kongressintrum Woodbrookers yn Koartehimmen wurdt in behandelsintrum foar bern mei gedrachsproblemen. Jeugdsoarch keapet it hotel en wol yn 2008 los mei de opfang fan 45 bern. Op termyn kinne der 70 bern te plak.
Personiel wurdt safolle mooglik oernaam. Der is wurk foar sa'n 70 man. De namme Woodbrookers bliuwt bestean. Jeugdsoarch begjint in behandelsintrum mei finansjele stipe fan it ministearje fan VWS.